Ryksmuseum fan Aldheden

Ryksmuseum fan Aldheden yn Leien

It Ryksmuseum fan Aldheden is it nasjonaal sintrum foar archeology yn Nederlân, mei grutte kolleksjes út it Alde Egypte en Heine Easten, de Grykske en Romeinske wrâld en it eardere Nederlân. It museum is festige yn in âld hearehús en begynhof, in mânsk gebouwekompleks oan it Rapenburg te Leien, dat datearret út 1743.

Fibula fan Dorestêd út sirka 775-800 (fûn yn in put)

It museum waard yn 1818 stifte of inisjatyf fan kening Willem I mei C.J.C. Reuvens (1793-1835), heechlearaar yn de archeology as earste direkteur. Utsein kolleksjes fan bûtenlânske artefakten beheart it museum ek de topstikken fan de Nederlânske archeology fan de prehistoarje ôf oant de ein fan de midsiuwen.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search